dit werk kent de volgende uitvoeringen
Hardback
ISBN9789056153205
verschijningsdatum04/04/2014
verschijningsdatum04/04/2014
Personen
Jan Popkema
NUR Codes (sub)
520 Regionalia algemeen
L'Entite de Saint-Ghislain
By it begjin fan de 20ste ieu wie it brûken fan Frysk yn it godstsjinstige sokssawat as flokke yn 'e tsjerke. De oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip yn 1908 brocht dêr feroaring yn: de eigen taal rekket it hert ommers folle mear. Dochs hat der yn 'e tsjerken in soad wjerstân west. Pas nei de Twadde Wrâldoarloch krige Frysk yn tsjerke in erkend plak(je). Yn dit boek giet de skriuwer de skiednis nei fan it Kristlik Frysk Selskip (1908-2012), it Roomsk Frysk Boun (1917-1997), it Grifformeard Frysk Selskip (1930-1945) en de Kristlike Fryske Mienskip op frijsinnige grounslach (1937-1963), mei omtinken foar foaral harren doelstellings en resultaten en hoe't de tsjerken dêrop reagearre hawwe. Nei goed hûndert jier is Frysk yn tsjerke wol gewoan, mar noch altiten net fanselssprekkend. En dêrom hat in kristlik-Fryske beweging noch hieltyd reden fan bestean. Jan Popkema (1942) is frisist en neerlandikus. Hy wurke ûnder oaren as leksikograaf by de Fryske Akademy en as learare-oplieder by de Noardlike Hegeskoalle te Ljouwert. Eardere publikaasjes fan him binne û.o. Psalmbewurkingen yn it Frysk (1983), Basisgrammatica Fries (2006), Grammatica Fries (2006) en Mei it wiffe skip. Nei hûndert jier Kiristlik Frysk Selskip (2008).