dit werk kent de volgende uitvoeringen
Paperback
ISBN9789089547910
verschijningsdatum15/09/2015
verschijningsdatum15/09/2015
Suster Berta, yn it Nederlâns bekend as Zuster Bertken (1427-1514), wie de ûnechte dochter fan de pryster Jacob van Ligtenberg, proast fan it kapittel fan de Sint Piterstsjerke fan Utert. In grut diel fan har libben hat hja - op eigen fersyk - ynmitsele west yn in klûs oan 'e bûtenkant fan de Buurkerk yn Utert, dy't hja op eigen kosten bouwe litten hie. Dy klûs hie twa finsters; troch it iene koe hja sjen op it alter, troch it oare seach hja wat op 'e strjitte barde. Yn har sel rjochte hja har alhiel op God, libbe har libben yn strange ûnthâlding, joech rie oan foarbygongers en hold harsels dwaande mei spinnen en weven. Én mei skriuwen. Twa jier nei har dea ferskynden by de printer Jan Berntsen yn Utert twa boekjes, it saneamde Passyboekje oer it lijen en stjerren fan Kristus en Suster Bertkens boek, har eigen opfettings oer sân religieuze ûnderwerpen. Har wurk falt binnen de tradysje fan de Moderne Devoasje fan de Broeders des Gemenen Levens, dy't de neifolging fan Kristus sintraal stelden. Klaas Bruinsma hat it wurk fan suster Berta oerset yn treflik Frysk.