Personen
Trinus Riemersma
NUR Codes (sub)
300 Literaire fictie algemeen
Pakket De helden van David
Zomer pakket A | Dwarsligger 2 en 1
Zomer pakket B | Dwarsligger 2 en 1
Zomer pakket C | Dwarsligger 2 en 1
De roman Fabryk ferskynde yn 1964 as Riemersma syn debút. De haadpersoan wurket yn in grientekonservefabryk. Hy sjocht hoe't syn kollega's har deljouwe ûnder de twang en ferlieding fan it meunster dat it fabryk is. Hy rint om mei it idee om in died te stellen en dêrmei de oerflakkich tinkende oaren de eagen te iepenjen. Dat wurdt in obsesje dêr't er yn fertiist en yn neare wanen en dreamen geastlik oan kapot giet. Riemersma wurke yn 1960 trije moanne op it Kondinsfabryk yn Ljouwert. Dy ûnderfiningen ferwurke hy yn it boek.
Dizze roman makke in protte diskusje los. De tradisjonele lêzers wiene ûntheistere troch de iepenhertigens wêrmei't de neuroatyske ik-figuer syn tryst libben en syn tinzen en eangstbylden sjen liet. Yn 1995 ferskynde de sechste printing yn de rige Fryske Klassiken, mei in útlieding fan Philippus Breuker. Hy ornearret dat it de meast útsprutsen foar- en tsjinstanners fan de roman úteinlik beide om it oansjen fan de Fryske literatuer gie. Dizze sande printinge is neffens de foarige.
De skriuwer is mei syn haadfiguer in aventoer oangien. Hy is meigien oan it lêste ta.
J. Noordmans yn de Ljouwerter Krante
Yn it suterige en ferhûddûke libben fan dizze fabryksarbeider wjerspegelet him in mikro-kosmos, dy't oan tiid noch plak mear bûn is. En wat is universeel oars?
D.A. Tamminga yn De Tsjerne
Trinus Riemersma (1938-2011) waard ûnderwizer en letter, nei stúdzje en promoasje, dosint Frysk. Hy wie warber op hast alle fjilden fan de literatuer: romans, ferhalen, kritiken, polemiken, toaniel, poëzij; op lettere leeftiid wie er kollumnist. Twa kear wûn er de Gysbert Japicxpriis, yn 1967 foar Fabryk.