Personen
Homme Eernstma
NUR Codes (sub)
300 Literaire fictie algemeen
Pakket De helden van David
Zomer pakket A | Dwarsligger 2 en 1
Zomer pakket B | Dwarsligger 2 en 1
Zomer pakket C | Dwarsligger 2 en 1
Wibe Baron van Holdinga wurdt smoar ende smoarryk troch op de Beurs mei opsetsin allinnich te belizzen yn fûnsen sûnder wearde. Goud meitsje út neat is syn biedwurd, en troch in magysk-eroatysk ritueel krijt dat omraak krêft. Foar dy spoek-ekonomy oer stiet de tún fan Holdingastate. Yn dat ierdske paradys wie, troch har hertstochtlik leafdesspul, syn leafde foar Eabeltsje opwoeksen. Dizze leafde hoedet en besielet syn libben oant de dea ta.
Dizze tredde edysje fan Leafdedea is in wersjoene werútjefte fan de earste, dyt yn 1963 by Quatrebras yn Amsterdam útkaam. Amouramort, de oersetting yn it Frânsk troch Agnes Caers, ferskynde yn 1997 by Actes Sud yn Arles. Yn dizze útjefte is as tajefte it alternative slot opnommen dat de skriuwer yn de Frânske edysje foar kar naam.
It boek wie yn 1963 syn tiid foarút. []. It is eins in fenomeen, in roman sat der echt yn de Fryske literatuer gjin twadde fan is.
Jan Jongsma yn Friesch Dagblad 23-07-1994
Een ontdekking vond ik [] de slachtfeestviering van de veertienjarigen Eabeltsje en Wibe, die hier en daar doet denken aan Loeil (Het oog) van Georges Bataille.
Atte Jongstra oer de blomlêzing mei Frysk proaza Fries Stamboek, gearstald troch Alpita de Jong, NRC-Handelsblad 14-7-2000
Feijo Schelto Sixma Baron van Heemstra, Den Haach, 1916 It Hearrenfean, 1999. Keunsthistoarikus; ryksamtner en learaar; oersetter by de EEG; oprjochter fan in fertaalburo foar minderheden yn Amsterdam. Publisearre wittenskiplike stúdzjes yn it Frysk, Hollânsk en Frânsk; ûnder de skriuwersnamme Homme Eernstma nêst Leafdedea ek Marginale Minsken (1968), Ook dit gaat voorbij (1985) en Roman Hagois (1998).