Personen
Hilda Talsma
NUR Codes (sub)
520 Regionalia algemeen
L'Entite de Saint-Ghislain
Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigener en DJ Ewald, dy’t de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde situaasjes telâne. In humoristysk en spannend ferhaal mei in gastrol fan Connie (Onnie) Kamstra. Hilda Talsma (1971) is in flotte skriuwster dy’t har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie’s en it hynstebal komme personaazjes út al dizze romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen ûnder it bêd.