dit werk kent de volgende uitvoeringen
Paperback
ISBN9789056153014
verschijningsdatum26/09/2013
verschijningsdatum26/09/2013
Personen
Gjalt de Groot
NUR Codes (sub)
520 Regionalia algemeen
L'Entite de Saint-Ghislain
Fjildman en rasferteller Gjalt de Groot nimt de lêzer yn No moatst hearre! mei nei de frije romten fan mins en bist, dêr't de hertslach fan it libben direkt en sûnder franje te fielen is. Hy skriuwt byldzjend oer it libben fan de gewoane man mei in iepen each foar it bysûndere en in grut gefoel foar humor. No moatst hearre! is in griemmank fan sterke stikken oer doarpsfigueren as Jehannes-iel, oer in jonkje dat in broedsje ferspilet en sa in hiele feesteapel misrint. Oer de moaie ynleave fiskersdochter Marije en in kafeehâlder dy't gjin wrakke stuollen hat, mar fêststelt dat de minsken te dik wurde. It is folop genietsjen yn 'Moaie Dora', 'It lêste teewetter' en 'In dealûker' en al dy fyftich oare prachtige ferhalen dêr't dizze fjildman jo yn meinimt. Gjalt de Groot publisearre earder De jonge aaisiker fan Luctor et Emergo (2009,twadde printinge 2012), It Swetshok - ferhalen fan in fjildman (2010, twadde printinge 2013), De aaisiker (2011) en It lêste aai (2012).