Personen
Bart Kingma
NUR Codes (sub)
300 Literaire fictie algemeen
Pakket De helden van David
Zomer pakket A | Dwarsligger 2 en 1
Zomer pakket B | Dwarsligger 2 en 1
Zomer pakket C | Dwarsligger 2 en 1
Luc Franken, krekt op frije fuotten kommen nei in ûnderstelde misdied, besiket syn libben op e nij stal te jaan. Dêrfoar moat er ôfrekkenje mei alles wat him foardien hat yn de jierren foar syn fêstsitten. In nije leafde mei in jonge studinte helpt him om yn de gaten te krijen wat der misgie, op de pleats, mei Lucs broer en syn frou, yn de leafde, en foaral mei Luc sels. Twivel tsjinoer trochpakken, skuld en boete, wierheid boppe werklikheid, winners en ferliezers. Dit alles yn in dekor fan iensumens, stilte en soms treastjaande natuer oan de seedyk yn it noardwesten fan Fryslân. Bart Kingma (1970) debutearret mei dizze roman, nei jierrenlang aktyf west te hawwen as televyzjemakker en skriuwer fan senarios, teksten en oersettings yn it Frysk en Nederlânsk.