dit werk kent de volgende uitvoeringen
Hardback
ISBN9789089543257
verschijningsdatum16/10/2011
verschijningsdatum16/10/2011
Personen
Hâns J. Weijer
NUR Codes (sub)
520 Regionalia algemeen
L'Entite de Saint-Ghislain
It nei 1850 ôfnimmen fan de wurkgelegenheid yn de lânbou, de yndustrialisaasje yn oare streken en mear oarsaken hawwe der foar soarge dat Fryslân yn de 19e en 20e ieu in protte ynwenners kwytrekke. Oeral wei binne wol minsken yn 'e frjemdte bedarre, yn in oare omjouwing as dêr't se opgroeid binne. Wat it bysûndere is fan de Friezen, is dat se wol út Fryslân weigean, mar dat Fryslân net út harren weigiet. De eigen taal, de eigen kultuer en de eigen identiteit sitte der blykber hiel djip yn. Dat sprekt ekstra oan as hja âlder wurde en sjogge dat it libben ferrint. It ferlitten fan it eigen wenplak, faak út bittere needsaak, wie yn earder tiid foar de measten folle yngripender as no. Oare omstannichheden en opfettings sille ek yn dit boek nei foaren komme en dat blykt faak tige nijsgjirrich te wêzen. Feroarings fan omjouwing, wurk en mentaliteit soargen foar in soad ûnwennigens. Mei dêrtroch kaam it, dat Friezen oer de hiele wrâld inoar opsochten en mear as 200 kriten om utens oprjochten. Wat der yn Fryslân barde, waard dêr meastentiids goed folge en ek foar Fryslân hienen kriten en bûtenfriezen betsjutting. Al dy kriten, ek yn de lytste plakken, hienen har eigen toanielploegen, sjongkoaren, keatsklubs, geselligens en freonskip. Yn de no noch besteande kriten is dat net oars. It boppesteande hat mei oanlieding west foar it beslút fan it bestjoer fan It Frysk Boun om Utens om dit boek út te bringen oer de Friezen om utens. It boek beheint him ta in skiednis fan de Friezen om utens yn organisearre ferbân. Der wurdt, troch de tiid hinne, in byld jûn fan hoe't it om en ta gie yn de kriten, de selskippen, harren klubs en fan by dy organisaasjes belutsen minsken. It boek giet fansels ek oer de skiednis fan It Frysk Boun om Utens, oer it âlde Boun (1905-1918) en it hjoeddeiske Boun (1923 oant no) en oer har krewearjen om de selskippen en kriten yn in lanlike oerkoepeling gear te bringen en fan dêrútwei te stypjen. De sintrale doelstelling fan It Boun hat nammentlik altyd west in bân te lizzen tusken de Friezen bûten Fryslân en by harren it Fryske folkskarakter yn al syn uterings, benammen yn de taal, te bewarjen en te befoarderjen. Yn in tiid fan grutte feroarings en foaral ek yn in tiid fan it tebekrinnen fan it tal Fryske kriten en harren ledetallen, hat it bestjoer fan It Boun miend om dat stikje dochs wol bysûndere histoarje foar it neiteam fêst te lizzen.