dit werk kent de volgende uitvoeringen
Hardback
ISBN9789492457547
verschijningsdatum09/10/2024
verschijningsdatum09/10/2024
Personen
Durk van der Ploeg
NUR Codes (sub)
520 Regionalia algemeen
L'Entite de Saint-Ghislain
De lêste libbensdagen falle Mûnte Vanger swier. Soms hat er in dei dan kin er it net litte en wrakselje de dykstreppen op om nei de boat te sjen, mar ek om rotsjend slyk en brakke lucht fan see te rûken. Inkeld weaget er him by heech wetter oer de bûtenfalling nei it basalt. Sechtich, santich meter út ’e kust leit de boat dêr’t er hast sechtich jier syn brea mei fertsjinne hat. De reis omheech, it falt him alle kearen swierder. Mar opjaan wol er net fan witte. Sûnt er net mear op it Waad komt, dreamt er nachts dat er fisket op ’e Ree, by de Izerbult en westlik fan It Boaze Wiif. Syn dagen slyt er mei neatdwaan en kloatdroegjen. Omdat er ôfgelegen wennet, wolle de bern him nei in oanleunwent yn ’e buorren ha, en dat wol er net. Geduerich bang dat de bern har baas meitsje komt der in dei dat alles feroaret. Bûnen yn linnen bân mei stofomslach en lêslint.