dit werk kent de volgende uitvoeringen
Paperback
ISBN9789089544568
verschijningsdatum01/09/2012
verschijningsdatum01/09/2012
As Pytsje op in dei samar har húshâlding ferlit, komt Wanda yn 'e hûs om foar Elly en Martin te soargjen. Al gau slute se har yn harren hert. Harren heit Arjen, earst noch wat stúmsk en erchtinkend, komt der linkendewei efter, dat Wanda in warm hert hat en wiis en beret har wegen giet. Paulus, in freon fan Arjen, hat Wanda al gau op wearde skatten en wol graach mei har fierder. Mar Wanda draacht in grut geheim, dêr't se tige mei omtysket. It hat fan gefolgen dat se dejinge dy't se it leafste hat, op ôfstân hâlde moat. Hiel byldzjend beskriuwt Jeltsje Leemburg yn dit boek de striid dy't Wanda leverje moat om in wei te finen tusken dat wat har oplein is en dat wêr't se frij yn wêze mei. Sûnder de leafde en treast fan de Allerheechste hie se it net oprêden.
Libben en flot tekenet Jeltsje Leemburg yn dizze roman de karakters fan har haadpersoanen. Op autentike en meinimmende wize slagget se der yn de fragen, eangsten en twivels dêr't minsken mei oantangele sitte stal te jaan. It spilet yn in oare tiid, mar de dilemma's dy't de skriuwster sketst, binne fan alle tiden.