dit werk kent de volgende uitvoeringen
Paperback
ISBN9789089541369
verschijningsdatum01/12/2009
verschijningsdatum01/12/2009
It is in brikenien. Dat hie dokter sein doet er Sibbeltsje helle. Sok praat hie de mem slim rekke, mar heit Ypke miende dat it faktaal wie: it wie de diagnoaze. En och, as san popke yn e widze leit mei de tekkentsjes der kreas oerhinne dan falt it net op dat it in mankemint oan de heupe hat. Dêrom eamelen de oare memmen der earst net bot op om. Ek by it lettere omkrûpen seach men noch net sa dat it iene poatsje wat koarter wie as it oare. Mem wie fol begrutsjen doet de earste stapkes kamen en Sibbeltsje nei foaren skokte en skeukte. Har kopke gie der suver wat nei stean en dat makke it noch begrutliker.
Sa begûn it libben fan Sibbeltsje yn de wrâld. De earste jierren brocht se troch yn it Paradyske ûnder Kollum en dat wie in moaie tiid. Mar letter kaam de tragyk yn har libben, mei it ferstjerren fan har mem. Lykwols, se lit de moedfearren net hingje en pakt op, wat op har wei komt. Yn 50 haadstikken wurdt har libben as help yn har heit syn húshâlding, as tsjinstfaam yn by rike minsken en letter as troude frou beskreaun.
Jabik Jans Klimstra docht dat mei in protte faasje en humor. Hy hat each foar de tragyk, mar ferjit de komyske aspekten seker net. Hy set it lange libben fan dizze krigele frou mei in protte each foar detail yn de ferve. It boek ferrast en fermakket fan begjin oant ein. Klimstra ferstiet de keunst misnken en situaasjes ta libben komme te litten.
De ferhalen binne earder publisearre yn it Friesch Dagblad.