Personen
Tryntsje van der Veer
NUR Codes (sub)
370 Cadeauboeken algemeen
Mannen boek box
Ik date maar wat
Gevulde backcard a 10 ex. Lieve meneer God
Book
Yn de simmer fan 2010 frege Tryntsje van der Veer skriuwers, dichters en muzikanten dyt se koe fia Tresoar om eat te meitsjen mei as tema `Oer it wetter. Dat levere in rike rispinge fan allegear materiaal op dat sa goed byinoar paste, dat se it fêstlizze woe yn boek en cd. Op 9 en 16 oktober 2010 waarden de teksten en muzyk opnaam. De poëzij, fertellingen en lietteksten waarden somtiden ferstille brocht, sweevjend op in weach fan sêfte klanken, mar dan wer krêftich en yntins. De fariaasje yn muzyk wie fan dimmen, jazzy, folk oant metal. Dat alles yn in mjuks fan solostikken en gearwurking, ynklusyf ymprovisaasje. De skriuwers en útfierders wurken mei passy. Guon hiene fakminsken by har útfiering belutsen, oaren in selskip en ek die in koar fan diriginten mei. Op de cd en yn it boek dit nije Fryske wurd en lûd. Yn it boek is ek de fisuele diminsje fan wetter en ferbining meinaam. Dat omfettet wurk fan en fia de skriuwers en fotowurk fan Ouke Kooistra, Johan Veenstra en Coby Bandstra. myn dream komt oanfarren oer de mar de seilen strutsen Aukje Kloppenburg dûbelskouderich mei mânsk basalt Edwin de Groot der is gjin tiid en der is alle tiid Geke Houwer ik ha in in wûnder sjoen Meintsje Brouwer