dit werk kent de volgende uitvoeringen
Hardback
ISBN9789492052865
verschijningsdatum02/12/2022
verschijningsdatum02/12/2022
Personen
Gitte Brugman
Elske Schotanus
NUR Codes (sub)
640 Kunst algemeen
Michaël Borremans
Jan Frearks van der Bij (1922-2013) wie foarbeskikt om by syn heit, dy’t hússkilder wie, yn it wurk. It foarútsjoch in libben lang kezinen te striken, noaske him lykwols net: syn talinten leine earne oars. Fan jongs ôf oan tekene en skildere er al. Noch yn de oarlochsjierren slagge er oan in baan as reklametekener. Tegearre mei syn sweager Pier Feddema folge er lessen by Herman Dijkstra yn Grins, dêr’t er yn ’e kunde kaam mei Klaas Koopmans, Jaap Rusticus en Sjoerd Huizinga. Mei har fiven foarmen se de skildersgroep Yn ’e line. Yn de jierren '50 ûntwurp Van der Bij neist syn baan in grut tal boekomslaggen en mozaiken. Doe't der in ein kaam oan syn wurk by it reklameburo, waard er tekenlearaar. De earste helte fan de jierren santich kaam dêrtroch fan skilderjen net folle. Nei syn pensjoen koe er wer los, en hie er sukses mei tal fan eksposysjes. Mei de mozaiken, syn boekomslaggen en benammen mei syn lânskippen dêr’t er Fryslân mei typearret, nimt er in wichtich plak yn de Fryske keunsthistoarje yn.